H.V.G. Nijland 1927 – 2021 H.V.G. Nijland 1927 – 2021
Tiisdei 19 oktober 2021 wie in bysûndere middei foar de H.V.G. yn ‘e konsistoarje fan tsjerke. Nei 94 jier hâldt de H.V.G. yn Nijlân op fan bestean. Der is in tiid fan opbouwe en in tiid fan ôfbouwe. Mei pine yn ús hert – 19 oktober wie dat momint. 94 jier hawwe froulju yn de H.V.G. in soad dien foar tsjerke en mienskip, en no hâldt it op. Gelokkich bliuwe wy doarpsgenoaten en meie wy der wêze foar inoar. Tige tank oan de donateurs, dy’t de H.V.G. altiid in waarm hert tadroegen. Lit ús mei begrip en leafde werom sjen, en mei fertrouwen foar ús út. Út namme fan alle leden en it bestjoer, mei in leave groet,
Beitske Breeuwsma
 
terug